Frysk studearje oan de RUG
By ús kinst Frysk studearje troch te kiezen foar it Fryske spoar binnen it bredere bachelorprogramma Minorities & Multilingualism.
By Fryske taal en kultuer oan de RUG ferdjipje wy ús yn ûnderwerpen dy't mei de kultuer en taal fan Fryslân te krijen hawwe. Dêrby pleatse wy de taal, polityk, skiednis en kultuer fan dizze minderheid yn Nederlân altyd yn in bredere ynternasjonale en histoaryske kontekst. By it bestudearjen fan de Fryske taal en kultuer binnen de oplieding Minorities & Multilingualism learst dan ek net allinnich in soad oer Fryslân en it Frysk, mar wurdst ek oplaat ta ekspert op it mêd fan meartaligens ûnder minderheden.
Frysk is de iennichste twadde offisjele taal yn Nederlân, praat troch sa’n 450.000 minsken yn Nederlân. Mar in lytse groep minsken kin it lykwols goed skriuwe. Sadwaande hinget it Frysk, lykas safolle oare minderheidstalen, wat tusken in dialekt en in steatstaal yn. De lêste twa iuwen is der in soad war dien om de maatskiplike posysje fan it Frysk te ferbetterjen. Hjoed-de-dei binne aardich wat ynstitúsjes dwaande mei it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. It Frysk wurdt beskerme troch Europese ferdraggen en it is in ferplichte fak op skoalle. Nettsjinsteande al dy ynset binne Friezen faak feardiger yn it Nederlânsk as yn it Frysk. En krekt dat makket de posysje fan it Frysk sa nijsgjirrich! De Fryske kasus lit de nijsgjirrige dynamyk fan minderheidstalen yn it algemien sjen. It is in prachtich foarbyld fan hoe't minderheidstalen besykje om in balâns te finen tusken it lokale en it mondiale, tusken ienheid en ferskaat.
Laatst gewijzigd: | 29 februari 2024 09:57 |