Sprekkers fan it Frysk en Nedersaksysk socht foar ûndersyk nei lûdferoaring
Promovendus Raoul Buurke docht ûndersyk nei lûdferoarings yn talen yn it noarden en easten fan Nederlân. Foar syn ûndersyk makket er opnamen fan Fryske en Nedersaksyske dialekten yn spesifike streken. Buurke siket op 12 plakken yn it noarden en easten fan Nederlân noch sprekkers fan streektalen dy’t graach meidwaan wolle oan syn ûndersyk. Buurke kin oan de hân fan de opnamen sekuer bepale yn hoefier’t it Frysk en it Nedersaksysk feroare binne en oft de talen mear op it Standertnederlânsk begjinne te lykjen.
Tekst: Marjolein te Winkel
Streektalen yn Nederlân
Neist it Nederlânsk wurde yn it noarden en easten fan Nederlân ferskate streektalen sprutsen, lykas it Frysk en it Nedersaksysk. Dizze talen hawwe har eigen dialekten en binne woartele yn ’e skiednis en kultuer fan ’e gebieten dêr’t se sprutsen wurde. It sprekken fan dizze streektalen is foar in protte minsken in wichtich ûnderdiel fan harren identiteit. Sawol it Frysk as it Nedersaksysk wurde troch de Nederlânske oerheid erkend yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen, om’t se in wichtich ûnderdiel útmeitsje fan it kulturele erfguod fan Nederlân. Likernôch steane beide talen ûnder druk fan it Standertnederlânsk, wat betsjut dat der hieltyd minder sprekkers binne en dat de talen soms sels hieltyd mear as it Standertnederlânsk klinke.
Lûdferoarings
Ien fan de wizen wêrop’t it Standertnederlânsk dizze talen beynfloedet is troch lûdferoarings. In lûdferoaring dy’t benammen opfalt is it Nederlânske ‘ui’-lûd, lykas yn ’e wurden ‘huis’ en ‘muis’. Tradisjoneel hawwe sawol it Frysk as it Nedersaksysk in ‘oe’-lûd yn dizze wurden, mar ûnder ynfloed fan it Hollânsk fan de 17e iuw is in proses begûn wêrby’t sprekkers fan farianten fan it Frysk en it Nedersaksysk hieltyd mear ‘huus’ en ‘muus’ hearre yn stee fan ‘hoes’ en ‘moes’. Dat liket gear te hingjen mei de ôfstân ta de Rânestêd: yn it noarden en easten fan Grinslân en de Achterhoeke liket dit proses efter te bliuwen en brûke minsken faker it ‘oe’-lûd. Yn de westlike gebieten is folle faker it Hollânske ‘uu’-lûd te hearren.
Promovendus Raoul Buurke wol foar in grut tal farianten fan it Frysk en it Nedersaksysk in ferliking meitsje tusken de útspraak fan de jierren ’80 en de útspraak fan hjoed-de-dei. Fjirtich jier lyn binne opnamen makke mei minsken út ferskate plakken yn it noarden en easten fan Nederlân. Buurke wol nije opnamen meitsje mei minsken út deselde plakken en fan likernôch deselde leeftiid, sadat er mei kompjûtermodellen en algoritmen krekt bepale kin yn hoefier’t it Frysk en it Nedersaksysk feroare binne en oft de talen mear op it Standertnederlânsk begjinne te lykjen.
Sprekkers socht
Yn totaal socht Buurke út sa’n 31 plakken sprekkers fan streektalen. Benammen yn Fryslân siket Buurke noch sprekkers fan it Frysk, mar ek fan bygelyks farianten fan it Stedsfrysk en in Nedersaksyske fariant, nammentlik it Stellingwerfsk. Buurke: ‘De opnamen binne yn in kertierke klear, en wy kinne sels mei in mobyl laboratoarium nei de minsken ta, sadat sprekkers maklik meidwaan kinne. It grutste obstakel liket no noch it finen fan de sprekkers, want it is dreech om se út de stêd Grins wei te berikken.’
Kenne jo sprekkers fan in streektaal yn it noarden en easten fan Nederlân? Wifelje dan net om hjir famyljeleden of minsken yn it doarp oer oan te sprekken. As se yn de leeftiidskategory falle dy’t socht wurdt, kinne se meidwaan oan it ûndersyk fan Buurke. Spesjaal foar Frysktaligen is der sels in opsje om ekstra opnamen te meitsjen dy’t brûkt wurde om de spraaktechnology foar it Frysk te ferbetterjen; dêr is op it stuit in kollega fan Buurke mei dwaande. Mear details oer it ûndersyk, lykas in ynskriuwformulier en de plakken dêr’t dielnimmers socht wurde, binne te finen op de website fan de ûndersiker.
Last modified: | 02 May 2024 2.27 p.m. |
More news
-
08 October 2024
Tracking the tongue
Thomas Tienkamp and Teja Rebernik explain how fundamental research on articulation could help explain speech disorders and may contribute to the recovery of people with speech disorders in the future.
-
08 October 2024
Passion for sustainable fashion
Chilean journalist María Pilar Uribe Silva has dedicated half her life to making the clothing industry more sustainable. This summer, she started a PhD project at the RUG. ‘I think it is possible, a more just and sustainable clothing sector. What...
-
01 October 2024
Will there be a female American president?
Historian Jelte Olthof is interested in the origins, workings, and influence of the US Constitution. How does the 1787 Constitution function in present-day America? An America that is rapidly changing and where, in 2024, a female president may be...