Skip to ContentSkip to Navigation
Research Our research Research per discipline Frisian Language and Culture / Minorities & Multilingualism

Undersyk

Fryske taal en kultuer

By Frysk wurkje ús meiwurkers net allinnich oan it fersoargjen fan de Fryske fakken, mar dogge wy ek ûndersyk en organisearje wy allerhande oare aktiviteiten, lykas de twajierlikse Old Frisian Summer School, yn gearwurking mei de University of Oxford.

As ôfdieling Frysk ferdjipje wy ús yn ûnderwerpen dy't mei de kultuer en taal fan Fryslân te krijen hawwe. Dêrby pleatse wy de taal, polityk, skiednis en kultuer fan dizze minderheid yn Nederlân altyd yn in bredere ynternasjonale en histoaryske kontekst. Wy dogge dus ûndersyk op it mêd fan taalkunde, letterkunde, skiednis en sosjology. Us ûndersyk is ynbêde yn de bredere ûndersyksaginda fan de Frisistyk en ôfstimd op gearwurking mei oare ynstellings dy’t wurkje oan it Frysk, lykas de Fryske Akademy en NHL Stenden.

Projekten

Old Frisian Summer School
Herberch Frisia

Gearwurkingen

Fryske Akademy
Mercator Research Centre
NHL Stenden lectoraat Meertaligheid en geletterdheid

Eksterne links

Foar mear ynformaasje oer meartaligens en Frysk oan de RUG, sjoch: minorities.nl
Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef
Tiidskrift foar Frisistyk: Us Wurk

Laatst gewijzigd:26 februari 2024 15:53
View this page in: Nederlands