Fryske taal en kultuer / Minorities & Multilingualism
Frysk is de iennichste twadde offisjele taal yn Nederlân, praat troch sa’n 450.000 minsken yn Nederlân. Mar in lytse groep minsken kin it lykwols goed skriuwe. Sadwaande hinget it Frysk, lykas safolle oare minderheidstalen, wat tusken in dialekt en in steatstaal yn. De lêste twa iuwen is der in soad war dien om de maatskiplike posysje fan it Frysk te ferbetterjen. Hjoed-de-dei binne aardich wat ynstitúsjes dwaande mei it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. It Frysk wurdt beskerme troch Europese ferdraggen en it is in ferplichte fak op skoalle. Nettsjinsteande al dy ynset binne Friezen faak feardiger yn it Nederlânsk as yn it Frysk. En krekt dat makket de posysje fan it Frysk sa nijsgjirrich! De Fryske kasus lit de nijsgjirrige dynamyk fan minderheidstalen yn it algemien sjen. It is in prachtich foarbyld fan hoe't minderheidstalen besykje om in balâns te finen tusken it lokale en it mondiale, tusken ienheid en ferskaat.
Mear ynformaasje oer:
- Frysk studearje binnen it BA programma Minorities & Multilingualism (link naar nieuwe pagina)
Contact
Oude Kijk in 't Jatstraat 26
9712 EK Groningen
Postbus 716
9700 AS Groningen
telefoon +31 50 363 59 44
fax +31 50 363 49 00
e-mail: sec -MILLC@rug.nl
Laatst gewijzigd: | 23 januari 2023 11:48 |